Hoofdtekst
't Wie ljochtmoanne waer. Twa poepen kamen by in brêge. De folle moanne skynde yn it wetter. De poepen seagen dat foar in tsiis oan.
"In moai tsyske", sei de iene.
"Ja," sei de oare, "mar hoe krije wy 't?"
Doe sei de earste: "'t Leit net sa djip. Dû giest oan 'e brêge hingjen en ik krij dy by de fuotten. Dan pak ik it tsyske wol."
Dêr hongen se oan 'e brêge. Mar de boppeste koe de ûnderste hast net mear hâlde en sei: "Ik mat even yn 'e hannen spuije."
Hy liet de leuning fan 'e brêge los, en dêr foelen se allebeide yn it wetter.

Onderwerp
AT 1336 - Diving for Cheese   
ATU 1336 - Diving for Cheese.   
Beschrijving
Twee poepen (arbeiders) lopen met volle maan over een brug. Als ze de maan in het water zien schijnen denken ze dat het een kaas is. Om de kaas te pakken gaan ze onder elkaar aan de brug hangen. De bovenste houdt het niet meer en laat even los om in zijn handen te spugen. Dan vallen ze beide in het water.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 999, verhaal 20 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
6 april 1973
Diving for Cheese
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21