Hoofdtekst
Op Burgumerdaem stie in herberch. Dêr wenne Jehannes Kramer yn. Dikke Taeke moest omke tsjin him sizze.
Der wienen in stik of hwat mannen yn 'e kroech, dy kamen hjir net wei. Taeke wie dêr ek. Dy gnyske sa'n bytsje. Dat die er wol faker, mar alhiel net willemoeds. Mar dy mannen tochten dat er har de gek oanstuts. Sy hellen it mes foar 't ljocht en soenen dêrmei Taeke to liif. Mar doe kamen krekt Folkert en Melle ta de taep yn. Hja krigen dy mannen en smieten se omheech mei de hollen tsjin 'e souder oan, krekt as it heineballen wienen. Doe woenen dy mannen wol om lyk.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Taeke was eens in een kroeg waar een stel mannen uit een andere andere stad was. Taeke zat wat te gniffelen zoals hij wel vaker doet, maar de mannen vatten dat verkeerd op en trokken hun mes. Op dat moment kwamen broers Folkert en Melle binnen; ze pakten de mannen op en gingen met ze "handballen".
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1000, verhaal 6 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
7 april 1973
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Burgumerdaem   
Jehannes Kramer   
Taeke (van der Meer)   
Folkert   
Melle   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21