Hoofdtekst
Myn frou komt fan Twizelerheide. Hja wennen dêr tichteby in tsjoenster, dat wie âlde Minne-Ael. Mar Ael kom noait by harren, se woenen dat frommes dêr net oer de flier ha.
Skoanheit kom wòl by Ael. As der houtsjes kapt wurde moesten rôp se heit en dan die dy dat foar har. Dat hie noait wêze matten hwant hja ha de gefolgen der fan ûnderfoun.
Doe't myn frou in famke wie fan sa'n jier of fiif woarde har broerke fan oardeheal siik. Dat boaze hurd oan en it wie wol to sjen, it bern rêdde it net.
Doe't it jonkje tige min wie siet skoanmem mei him op 'e skoat en der wienen wol in stik of acht froulju by harren yn 'e hûs, meast famylje, omdat it bern sa siik wie. Wylst dy froulju dêr sa wienen, siet samar ynienen Minne Ael dêr ek tusken. En se hime dat it hwat die. Hoe wie dy dêr kom? Net ien dy't sjoen hie dat der in doar iepen gong wie.
Doe hie se sein: "It liket my sa ta dat it hwat better is mei 't jonkje, net?"
"Och minske," sei skoanmem, "hwer prate jo oer. It rint om 't lêste." En even letter wienen de lêste siken der út gong.
En doe wie Minne Ael samar ynienen fuort west, sûnder dat der in doar iepen gong.
Dat hat skoanmem mei Minne Ael bileefd.

Onderwerp
SINAG 0750   
Beschrijving
Minne-Ael was een heks, die vlakbij de familie van mijn vrouw woonde. Ze wilden nooit dat Minne-Ael bij ze over de vloer kwam. Schoonvader kwam wel bij haar om hout te kappen, maar daar zou hij later de gevolgen van merken. Toen mijn zwager klein was werd hij eens heel erg ziek. Hij zat bij zijn moeder op schoot met een aantal mensen om ze heen. Het waren familieleden, maar opeens bleek Minne-Ael er ook tussen te zitten, terwijl niemand haar had zien binnenkomen. Ze zei dat het haar toescheen dat de jongen al veel beter was, terwijl dat helemaal niet zo leek. Maar even later verdween alle ziekte uit het kind, en plotseling was Minne-Ael ook zomaar verdwenen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1001, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
10 april 1973
Andere Zauberei
Naam Overig in Tekst
Minne-Ael   
Naam Locatie in Tekst
Twizelerheide   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21