Hoofdtekst
Pake (Riemer Wybenga) en Lammert de Bruin wienen ris togearre op in nacht oan 't murdejeijen. Hja roannen troch de Sweagerbosk en kamen sa op 'e Sweagerlannen yn 'e Spûkloane. Hja wienen tichte by it hûs dêr't Gerke Jehannes wenne. Dêr wie in murd. De beide hounen hienen dêr foet.
Doe seagen pake en Lammert oan 'e oare kant de feart in hearke stean, dy wie alhielendal yn 't swart klaeid, mei in hege hoed op. Syn egen yn 'e kop wienen like gleon as eijerkoallen.
"Set sokken, 't wurdt ús tiid", hie Lammert sein. De hounen hienen noch hurder roan as pake en Lammert, sa binaud hienen dy dieren west.
Pake sei, doe't er thús wie: "Dat hat de duvel west."
't Gebeurde sa'n 80 jier lyn.

Onderwerp
SINSAG 0933 - Begegnung mit dem Teufel, welcher verschiedene Gestalten annimmt.   
Beschrijving
Riemer en Jehannes waren op een nacht aan het bunzing jagen met hun honden. Opeens zagen ze aan de overkant van de vaart een heer staan met een hoge hoed en in het zwart gekleed. Zijn ogen waren als gloeiende eierkolen. De honden en de mannen werden doodsbang en renden voor hun leven. Dat was de duivel geweest.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1001, verhaal 8 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
10 april 1973
Begegnungen mit dem Teufel, welcher verschiedene Gestalten annimmt
Naam Overig in Tekst
Riemer Wybenga   
Lammert de Bruin   
Sweagerlannen   
Gerke Jehannes   
Naam Locatie in Tekst
Sweagerbosk   
Spukloane   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21