Hoofdtekst
Ik wie in jonge fan alve jier. Wy gyngen alle hjerstmis mei de hiele húshâlding nei 't sûkerfabryk ta yn Hoogkerk.
Wy krigen dan earst in telegram dat wy komme moesten en dan gongen wy de oare deis dêrhinne.
Op in kear doe wie der wer in telegram kom. Doe stjûrde heit my en myn jongere broer de jouns nei in faem ta, dy't ek yn 'e Westerein wenne om to sizzen dat se moarn nei Hoogkerk ta moest. Hja koe dan mei ús reizgje. 't Wie skimerich. Wy krigen dêr by dy faem elk in stik brea en in apel foar 't boadskip en doe gongen wy werom op hûs yn. Doe wie 't nòch skymriger woarn.
Underweis sei 'k tsjin myn broer: "Sjoch, dêr binne ek noch rejappel-sikers. Sjoch, se ha de gripe oer 't skouder en dêr hinget de koer oan." Ik seach se oer 't lân oankommen doe't ik oer de hekke hinne seach. Mar myn broer seach neat. Ik seach it allinne mar.
Doe seach ik mar ien mear en dy sweefde oer de hekke hinne. Hy bidarre yn 't stik lân, dêr't wy troch moesten. In ein fierder wie wer in hekke. Dêr sweefde er ek oer hinne. Wy moesten dêr ek oer. Doe kommen wy op in paedtsje. Dêr wienen allegear wetterplakken op, hwant it hie reind.
Ik gong midden yn sa'n wetterplak stean en soe myn broer der oerhinne springe litte wylst ik him by de hân beet krige. Doe soe 'k fierder stappe. Mar ik koe net fierder. Hwant dy persoan mei de gripe en de koer stie flak foar my. En doe wied er ek samar ynienen fuort.
Doe't ik thús kaem wie 'k sa wyt as in deaden.

Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Met kerst gingen we altijd met de familie naar de suikerfabriek. Toen er weer een telegram kwam werden mijn broer en ik erop uit gestuurd om een vrouw verderop te waarschuwen dat het zover was. In de schemering liepen we erheen. We kregen brood en een appel als dank voor de boodschap en liepen terug. Toen zag ik rooiappelzoekers met de greep op de schouder. Een van hen kon over de hekken zweven. Op een pad waren waterplassen waar ik mijn broer overheen wilde laten springen. Maar ik kon geen stap meer doen want een van die mannen stond voor me. Opeens was hij verdwenen. Al die dingen zag ik wel maar mijn broer niet. Thuisgekomen was ik zo wit als een vaatdoek.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1007, verhaal 10 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
7 mei 1973
Unbeschreibbare Spukerscheinungen
Naam Locatie in Tekst
Hoogkerk   
Westerein   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21