Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ101609

Een sage (mondeling), maandag 21 mei 1973

Hoofdtekst

Heit en mem wienen oan 't ierpeldollen foar in boer yn Drachtster Kompenije. Tichteby wenne in âld wyfke yn in húske. Ik wie doe noch in jonkje en myn susterke wie by my. Dat âld-wyfke kom yn 'e doar to stean en frege ús: "Fan hwa binne jimme berntsjes?"
"Fan Hindrik en Piertsje", seinen wy.
"Dan matte jimme hwat fan my ha, net?" sei 't minske.
Doe krigen wy elk in apel en in pepermuntsje.
Mar ús folk seach dat en ús heit rôp koart: "Bern, hjir komme! Fluch! Hwat ha jim fan dat âld wiif krigen?"
Doe lieten wy de apels en de muntsjes sjen.
"Tink der om as jim 't opite", sei heit. Doe makke er in gat mei de lodde en yn dat gat moesten wy de apels en de pepermuntsjes lizze.
"Dat minske is in âlde tsjoenster", sei er. "Tink derom en kom dêr net wer!"

Onderwerp

TM 3402 - De kinderschrik    TM 3402 - De kinderschrik   

Beschrijving

Als kind kregen wij eens van een oud vrouwtje een appel en pepermuntjes, maar onze ouders zagen dat net op tijd en zeiden dat we dat niet mochten opeten omdat de vrouw een heks was. Vader maakte een gat met zijn spade in de grond en daar legde hij de snoeperijen in.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1016, verhaal 9 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

21 mei 1973
De kinderschrik

Naam Overig in Tekst

Hindrik    Hindrik   

Piertsje    Piertsje   

Naam Locatie in Tekst

Drachtster Kompenije    Drachtster Kompenije   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21