Hoofdtekst
Doomny Ekkelboom stie froeger yn Drachten. Hy kaem faek by de minsken op hûsbisyk. Sa kaem er ek wol by minsken op 'e Dwarsfeart, dat wie hwat in nuvere húshâlding. Dy minsken hearden ta de a-soasialen.
Op in kear doe't doomny dêr siet, sei de jonge: "Mem, ik mat mige."
Doe't de doomny fuort wie, sei syn mem tsjin him: "Dat meist nou noait wer sizze hear: ik mat mige- as doomny hjir is. Astû pisje mast, komst yn 'e hûs en dochst de finger mar omheech. Dan wyt ik wol hoe let it is."
Op in kear wie doomny dêr wer op hûsbisyk. Doe kom 't jonkje wer yn 'e hûs en hy stuts de finger omheech.
Syn mem knikte him ta.
"En skite", sei hy der doe lûd achteroan.
(dit is echt gebeurd. 't Wie Hanke, in soan fan Antsje Bosbear dy't it sei.)

Beschrijving
De dominee kwam vaak op huisbezoek. Eens ging hij naar een "asociaal" gezin in Dwarsvaart. De zoon zei dat hij moest pissen en verdween. Zijn moeder zei dat hij dat nooit meer mocht zeggen als de dominee er was. De volgende keer moest hij zijn hand opsteken. Als de dominee weer komt, steekt de zoon zijn hand op. De moeder begrijpt het en knikt, waarop de jongen toevoegt: en schijten.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1016, verhaal 26 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
21 mei 1973
Naam Overig in Tekst
Ekkelboom   
Hanke   
Antsje Bosbear   
Naam Locatie in Tekst
Drachten   
Dwarsfeart   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21