Hoofdtekst
Der wienen twa joaden, dy hienen in hekel oan arbeidzjen. Doe sei de iene tsjin 'e oare: "Wystû hwat wy dogge? Wy grave in hele djippe put en dêr wolle wy in echoput fan meitsje. Dan heffe wy yntré, dan kinne wy dêr ús brea wol mei fortsjinje."
Dat like de oare bêst ta.
Zo gezegd, zo gedaan. Se groeven in put, goed djip fansels, en doe't se him klear hienen gongen se der boven stean to razen.
Mar al hwat kaem, der kaem gjin lûd werom, de echo bleau wei. Doe sei de iene joad tsjin 'e oare: "Wiste hwat wy dogge? Wy krûpe der om beurten ûnder yn. As de minsken dan lûd jowe, dan jowe wy lûd werom."
Dat gong bêst. Der kaem in hiele tarin fan minsken.
Mar dêr op in kear kaem der in Dúts reisgeselskip delsetten. Ien fan dy poepen helle de gekke stunt út troch to roppen: "Heil Hitler!"
De joad, dy't der ûnderyn siet rôp fuortdaliks werom:
"Godfordomme!"
Doe wie de put waerdeloas.

Onderwerp
ATU 1865 - Anecdotes about Foreigners.   
Beschrijving
Twee joden hadden geen zin om te werken en bedachten dat ze een echoput konden graven en daar entree voor heffen. Nadat de put gegraven was bleek er echter geen echo te klinken. Daarop verzonnen ze dat een van beide steeds in de put zou kruipen om voor echo te spelen. Dat ging goed tot er een Duits gezelschap kwam waarvan een van deelnemers Heil Hitler riep, waarop de "echo" antwoordde: "godverdomme".
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1017, verhaal 6 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
23 mei 1973
Naam Overig in Tekst
Duits   
Hitler   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21