Hoofdtekst
Hjir wie yn Drachten in kleaster mei in protte fan dy nonnen.
Dat kleaster waerd fan binnen opferve troch de skilders.
Doe sei ien fan 'e skilders dy't yn ien fan 'e keamers fan in non bezich wie: "Sil ik jo ek ris in goeije beurt jaen?"
Dat like har wol goed ta en hja krige in beurt.
De jouns kuijere de moeder overste oer de gong en doe hearde se op ien fan 'e keamers lûden, krekt as wie der ien dy't har sels foar de bleate kont sloech. Hja tocht: "ik mei wolris even sjen."
Hja die de doar iepen, doe stie dêr sa'n nontsje neaken foar de spegel. Hja sloech harsels iderkear tsjin 'e kont an.
Doe sei dy moeder overste: "Hwat bitsjut dit?"
"Ja," seit de non, "dy skilder hat my wol sa'n ein kwast jown" - en hja joech mei beide hannen de greate oan - "mar doe kom der mar wer sa'n heel lyts eintsje út." Hja sei: "Nou wol 'k it oare ein der èk út ha."

Beschrijving
In een nonnenklooster waren schilders bezig. Een van hen vroeg een non of ze een beurt wilde hebben. Ze stemde toe. Later wandelde moeder overste door de gang toen ze een geluid hoorde alsof iemand zichzelf een pak slaag gaf. Ze zag een non voor de spiegel staan en zich steeds tegen de billen slaan. Ze vertelde dat een van de schilders haar een enorme kwast had gegeven, maar dat er maar een heel kleintje weer uit kwam. En nu wilde ze de rest er ook uit hebben.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1017, verhaal 23 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
23 mei 1973
Naam Locatie in Tekst
Drachten   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21