Hoofdtekst
Alde Sweitse de Wit fortelde, der wie in boer, dy hie in feint. Dy feint moest alle jounen it hynder nei 't lân ta bringe. Dan wie 't faek al skimerich en soms ek wolris tsjuster.
"Bist net bang?" frege de boer de feint wolris.
"Né," sei de feint, "hwer soe ik bang foar wêze."
Werom moest dy feint altyd oer in planke, omdat dat it koartste paed wie.
Op in joun, doe hied er wer it hynder yn 't lân brocht, doe kom dy feint werom. Doe siet dêr in wite gedaente op 'e planke, yn elkoar dûkt.
De feint koe der sa net lâns. "Wolst der wei?" sei er. Mar de oare sei neat werom. Hy sei noch ris "út 'e wei." Mar doe't dyselde sitten bleau sleoch er de wite gedaente mei de beide teamen fan 't hynder, dy't er yn 'e hân hie op 'e kop, dat dy tûmele yn 't wetter.
Doe koe de feint der lâns. Mar de oare is dêr yn 'e sleat fordronken. It wie de soan fan 'e boer, dy't de feint bangmeitsje woe.

Onderwerp
VDK 1676F* - Spookspelen: Het spook op de vonder   
ATU 1676 - The Pretended Ghost   
Beschrijving
Een boerenknecht moest altijd in het donker het paard naar het land brengen. Daarbij moest hij over een plank over een sloot lopen. De boer was verbaasd dat hij niet bang was. Op een keer zag de knecht een witte gedaante zitten die niet opzij wilde. Uiteindelijk sloeg de knecht de gedaante op het hoofd met het bit van het paard. Het spook viel in het water en verdronk. Het bleek de zoon van de boer te zijn.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1023, verhaal 6 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
26 mei 1973
Spookspelen: het spook op de vonder; AT 1676: Joker Posing as Ghost Punished by Victime
Naam Overig in Tekst
Alde Sweitse de Wit   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21