Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ102309

Een sprookje (mondeling), zaterdag 26 mei 1973

Hoofdtekst

Der wie in frou, dy hie in goudene skonk. Dat minske stoar en sy bigroeven har. Doe helle de lytsfeint dy goudene skoech út it graef wei. Nei forrin fan tiid bigoun dat minske to spûkjen. Hja kaem werom by 't hûs dêr't se weikaem en dan rôp se foar 't glês: "Hwer is myn skonk?"
Alle jounen kaem 't minske werom. De boer koe dat net langer ha en hy sei tsjin 'e gesinsleden: "As hja nou wer komt, matte wy allegear ien foar ien freegje: "Haw ik him?"
Dat wie ôfpraet.
Dy jouns hearden se wer de stim foar 't glês: "Hwer is myn skonk?"
Doe frege de boer: "Haw ik him?"
"Né", sei se.
De dochter frege: "Haw ik him?"
"Né", sei se.
De soan frege: "Haw ik him?"
"Né", sei se.
De greatfaem frege: "Haw ik him?"
"Né", sei se.
De greatfeint frege: "Haw ik him?"
"Né", sei se.
De lytsfaem frege: "Haw ik him?"
"Né", sei se.
Doe frege de lytsfeint: "Haw ik him?"
"Jaaaa - " andere se.

Onderwerp

AT 0366 - The man from the gallows    AT 0366 - The man from the gallows   

ATU 0366 - The Man from the Gallows.    ATU 0366 - The Man from the Gallows.   

Beschrijving

Een vrouw met een gouden been werd begraven na haar dood. De jongste knecht groef het gouden been op, maar na een tijdje begon de vrouw te spoken. Ze kwam steeds weer om haar been vragen. De boer riep het gezin bijeen en zei dat ze de volgende keer een voor een zouden vragen "heb ik hem?" Dat deden ze en bij de jongste boerenknecht antwoordde de vrouw: ja.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1023, verhaal 9 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

26 mei 1973
The man from the gallows

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21