Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ103414

Een mop (mondeling), donderdag 21 juni 1973

Hoofdtekst

Der wie in jongfeint, dy gong ris nei de Leijen ta.
Dêr sitte allegearre eilantsjes yn. Doe't er op ien fan 'e eilantsjes wie, tocht er: Ik kin hjir moai efkes swemme. Mar hy hie gjin swembroek by him.
Mar affyn, hy tocht: Net ien dy't my hjir sjocht, dan swem ik mar mei 't bleate gat.
Doe't er in skoft swemd hie soed er wer nei 't eilantsje ta om him oan to klaeijen. Mar doe siet dêr in jongfaem mei in boek yn 'e hân. Hy tocht: Dêr kin ik sa net hinne. Dat hy die noch in slach om it eilantsje hinne troch 't wetter.
Doe foun er op 'e boaijem fan 'e Leijen in âld stâllepantsje.
Hy tocht sjesa, dat komt my fan pas. Doe hâldde er dat stâllepantsje foar syn lytse jonge en doe roun er op it eilantsje ta.
"Binne jo oan 't lêzen?" sei er tsjin 'e faem.
"Ja," sei de jongfaem, "ik lês jou gedachten."
"Myn gedachten?" sei er, "hwat binne dy dan?"
"Jo tinke," sei de jongfaem, "dat der in boom yn 't pantsje sit, mar sa is it net."

Onderwerp

VDK 1686B* - Gedachten lezen    VDK 1686B* - Gedachten lezen   

Beschrijving

Een jongen gaat zonder zwembroek zwemmen. Als hij zich wil aankleden ziet hij een meisje met een boek zitten. Met een gevonden steelpannetje voor zijn geslacht loopt hij naar zijn kleren. Het meisje zegt dat ze zijn gedachte kan lezen. Als hij vraagt wat zijn gedachten zijn zegt ze dat hij denkt dat er een boom in het pannetje zit, maar dat dat niet zo is.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1034, verhaal 14 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

21 juni 1973
Gedachten lezen

Naam Overig in Tekst

Leijen    Leijen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21