Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ103506

Een mop (mondeling), vrijdag 22 juni 1973

Hoofdtekst

Yn 't Wartenster Leechlân wienen trije man op in joune ûnderweis. It wienen alle trije poepen. De moanne skynde helder. 't Wie follemoanne. Hja kamen by 't heechhout oer 't wetter.
Doe seagen se dêr yn 't wetter in Edammer tsiis lizzen.
Dêr hienen se alle trije greate bilangstelling foar.
Ien fan 'e poepen, de langste, bûgde him safier mooglik foaroer, mar hy koe de tsiis net birikke. Doe woarde de twadde poep oan 'e earste laske, mar ek doe koenen se der noch net by. Doe kaem de trêdde poep der by.
Dy gong oan 'e rânne fan 't heechhout hingjen. De twadde hâldde him by de skonken beet en de trêdde hie dy syn skonken wer beet.
Mar doe sei de boppeste: "Warte ein Moment. Mùß einmal in die Hände spucken."
Doe't er de rânne fan 't heechhout losliet, tûmelen se alle trije yn 't wetter.

Onderwerp

AT 1336 - Diving for Cheese    AT 1336 - Diving for Cheese   

ATU 1336 - Diving for Cheese.    ATU 1336 - Diving for Cheese.   

Beschrijving

Drie poepen [Duitse arbeiders] lopen bij volle maan langs het water. Ze denken een Edammer kaas in het water te zien die ze willen pakken. Met voorover buigen lukt het niet. Dan gaan ze aan elkaars benen hangen. De bovenste zegt op een gegeven moment: wacht even, ik moet even in mijn handen spugen. Dan vallen ze alle drie in het water.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1035, verhaal 6 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

22 juni 1973
Diving for Cheese.

Naam Overig in Tekst

Wartenster Leechlan    Wartenster Leechlan   

Duitsers    Duitsers   

Edammer    Edammer   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21