Hoofdtekst
Greate Gerrit en Greate Jouwert dy wienen almachtige sterk. Se wennen yn Wergea. Dy beide mannen ha de roomse tsjerke fan 'e Lytse Mar oerbrocht nei Wergea. Hja hienen dy tsjerke op draechstokken. Dy skouden se der ûnder en doe dêrmei op stap.
Mar doe wienen se healwei de lytse Mar, doe seagen se dat dokter der oan kaem yn 't Uterske weintsje. (= Utrechts wagentje). Dy koe net passeare, hwant hja namen 't hiele paed yn bislach. Dat wie ho. Hwat nou?
Mar doe sei Jouwert: "Hael even, de loft yn." En dat wie de earmen omheech en sa tilden se de tsjerke fier boppe de holle. Doe koe dokter dêr yn syn Utersk weintsje moai ûnder troch ride.

Onderwerp
AT 1326 - Moving the Church   
ATU 1326 - Moving the Church.   
Beschrijving
Gerrit en Jouwert waren zo sterk dat ze de kerk op draagstokken van de ene plaats naar de andere hebben verplaatst.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1035, verhaal 8 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
22 juni 1973
Moving the Church
Naam Overig in Tekst
Greate Gerrit   
Jouwert   
Lytse Mar   
Naam Locatie in Tekst
Wergea   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21