Hoofdtekst
Knjillis Kalsbeek fortelde syn frou op in moarn: 'k Ha fannacht droomd dat ik stie yn 'e buorren mei de hounekarre en ik forkocht fisk.
Doe sei syn frou: "Oe, dan komt der in deaden yn 'e famylje!"
"Och," sei Knjillis, "praetsjes fan neat. Der stienen allegear froulju om dy hounekarre hinne", sei er.
"Oe," sei 't minske, "wie ik der ek by?"
"Né," sei er, "dû wiest der net by."
Koarte tiid dêrnei is hja stoarn.

Beschrijving
Een man vertelt dat hij die nacht heeft gedroomd dat hij met de hondenkar stond vis te verkopen. Zijn vrouw zei dat dat een voorteken was voor een dode in de familie. De man geloofde het niet, maar zo is het inderdaad gegaan.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1042, verhaal 10 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
27 juni 1973
Naam Overig in Tekst
Knjillis Kalsbeek   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21