Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ104219

Een sage (mondeling), woensdag 27 juni 1973

Hoofdtekst

Op in moarn bitiid ried Jan Hepkes op 'e fyts nei Grins.
Hy kaem yn Hoogkerk. Dêr wie 't allegear minsken op 'e wei.
"Ik stapte fan 'e fyts," sei Jan, "en ik frege hwat der to rêdden wie. Doe seinen se: - Hearre jo dat minske net razen? Hearre jo net hoe'n pine as se hat? -
Ik sei: - Lit my der even yn - "
"Ik stapte dêr yn 'e hûs," sei er, "en ik haw in briefke skreaun."
Ik sei: "Jimme matte hjir ogenblikkelik mei nei de apteker yn Grins ta gean." En doe bin 'k wer fuortriden.
De jouns kaem ik wer to Surhústerfean.
En doe fleach dêr in tilbury troch 't doarp mei twa gleone hynders der foar. Dêr sieten twa professoren yn fan Grins, dy kamen by my. Dy woenen wite hwat ik dat minske foarskreaun hie, hwant dy frou wie radikael genezen.
Ik sei: "Hearen, dat fortelt Jan jimme net. Dat is 't geheim fan 'e smid."

Beschrijving

Jan kwam op zijn fiets een dorp waar een grote drukte was. Een vrouw bleek te kermen van de pijn omdat ze zo ziek was. Jan schreef iets op een papiertje en stuurde iemand daarmee naar de apotheek. Later zag hij een rijtuig met twee professoren die wilden weten wat er op dat papiertje had gestaan, omdat die vrouw totaal was genezen. Jan verklapte zijn geheim niet.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1042, verhaal 19 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

27 juni 1973

Naam Overig in Tekst

Jan Hepkes    Jan Hepkes   

Naam Locatie in Tekst

Grins    Grins   

Hoogkerk    Hoogkerk   

Surhusterfean    Surhusterfean   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21