Hoofdtekst
Tryn Snipel wenne yn Houtigehage. It wie in kaertlizter.
Wy wienen der ris mei ús fjouweren hinne, wy woenen de kaert útlein ha. Hja wenne tichte by de Blaudobbe.
Tsjerk wie ek by ús, dy lake hiel bot. Doe sei Tryn:
"Ja leave, sa't de duvel der yn komt giet hy der ek wer út."
Doe wie 't laitsjen fan Tsjerk oer.
Earst krigen wy alle fjouwer in buorrel fan Tryn. Doe naem se de kaert. Doe sei se tsjin Tsjerk: "Ja, Tsjerk, nou mast ris even sjen. De iene giet de oare nei. Hwat in rou yn 'e kaerten."
Tsjin ús sei se: "Jimme binne oan 't wetter kom to wenjen en sille gelokkich wurde."
Wy hà trije jier oan 't wetter wenne doe't wy krekt troud wienen yn Kommersyl!
Fan dy rouwe yn Tsjerk syn kaerten is it ek útkaem.
Janke, in suster fan Tsjerk, dy't yn 'e Boelensloane wenne, hat har sels de hals útsnien en Tsjerk hat him ophong.
Hy wie oars sa'n fleurige jonge, dy't altyd mei ús op en út gong. Wy koenen it ús net bigripe.

Beschrijving
Tryn was kaartlezer en haar voorspellingen kwamen uit. De een voorspelde ze rouw en de ander dat hij gelukkig aan het water zou wonen. Precies zo is het gegaan.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1044, verhaal 7 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
eind juni, begin juli 1973 (?)
Naam Overig in Tekst
Tryn Snipel   
Blaudobbe   
Tsjerk   
Kommersyl   
Janke   
Naam Locatie in Tekst
Houtigehage   
Boelensloane   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21