Hoofdtekst
Feitse Brants wie in stroper, dy wenne yn Houtigehage.
't Wie yn 'e tiid dat se de gewearen noch mei in laedstok laedden. Feitse soe op in kear krekt syn gewear lade - hy hie de laedstok al yn 'e loop, doe kamen der krekt in stik of seis guozzen oanfleanen.
Hy skeat mei de laedstok (yn 'e loop). Dêrmei skeat er op 'e guozzen. De laedstok gong troch de seis guozzen hinne, dy sieten oan 'e laedstok en dy foelen oer de wyk hinne.
Feitse moest troch de wyk om de guozzen to krijen.
Hy baeide troch de wyk hinne en doe't er yn 'e wâl stie hie er de learzens fol ielen.
As er dat letter thús fortelde, sei er tsjin syn wiif: "Is 't net wier, Tryn? Bin ik net ris thúskaem mei seis guozzen en in protte iel?"
"Dû seist it tominsten", sei Tryn dan.

Onderwerp
AT 1894 - The Man Shoots a Ramrod Full of Ducks   
ATU 1894 - A Man Shoots a Ramrod Full of Ducks.   
Beschrijving
Stroper schiet op zes ganzen die worden doorboord door de laadstok. Hij moet door het water waden om ze te halen waarbij zijn laarzen vol aal komen te zitten.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1045, verhaal 19 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
2 juli 1973
The Man Shoots a Ramrod Full of Ducks & AT 1895 A Man Wading in Water Catches Many Fish in his Boots
Naam Overig in Tekst
Feitse Brants   
Tryn   
Naam Locatie in Tekst
Houtigehage   
Plaats van Handelen
Houtigehage (Friesland)   
Kloekenummer in tekst
B098b   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21