Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ104521

Een mop (mondeling), maandag 02 juli 1973

Hoofdtekst

In man en in frou dy gongen yn 'e Rottefalle to jounpraten.
Dy man koe sa ôfgryslik ite. Underweis praette de frou mei him ôf dat hy soe syn fatsoen bihâlde en ophâlde as er in stjitsje tsjin 'e foet oanfielde. Dat soe hja dwaen.
Doe't se dêr in skoft sitten hien to praten waerd it iten op 'e tafel set. Hja foelen allegear oan en 't smakke de man lekker. Mar hy hie noch mar in lyts bytsje hawn as dêr waerd er op 'e foet trape. - Mar dat die de houn - De man lei de foarke del en woe neat mear ha.
"Hwat binne jo in lytse iter", seinen se, mar de man hâldde foet by stik en naem de foarke net wer op.
Doe't se de jouns let wer nei hûs ta gongen sei dy man tsjin syn frou: "Dû hast my dêr ek raer topakken hawn, net. Ik hie hast noch neat yn 't liif en dêr trapestû my op 'e foet."
"Dat tòchste mar," sei se, "dat ik dat dien ha, mar der wie in houn ûnder 'e tafel; dy hat dy op 'e foet trape."

Onderwerp

AT 1691 - "Don't Eat too Greedily."    AT 1691 - "Don't Eat too Greedily."   

ATU 1691 - The Hungry Clergyman    ATU 1691 - The Hungry Clergyman   

Beschrijving

Echtpaar dat op bezoek gaat spreekt af dat de man die een grote eter is, ophoudt als hij een stootje tegen zijn voet voelt. De man heeft nog maar weinig gegeten als hij iets voelt. Hij stopt meteen met eten, en laat zich niet overhalen nog iets te eten. Op de terugweg zegt hij tegen zijn vrouw dat ze snel op zijn voet trapte. Zij zegt dat het een hond onder de tafel hem op de voet trapte.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1045, verhaal 21 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

2 juli 1973
"Don't Eat too Greedily."

Naam Locatie in Tekst

Rottefalle    Rottefalle   

Rottevalle    Rottevalle   

Plaats van Handelen

Rottevalle (Friesland)    Rottevalle (Friesland)   

Kloekenummer in tekst

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21