Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105014

Een sage (mondeling), donderdag 05 juli 1973

Hoofdtekst

Sterke Hearke is yn 1889 stoarn, heit hat him noch wol kend.
In skoalmaster yn Twizel hie lân yn 'e Bûtenpostumermieden lizzen. Heit en dy wennen yn Surhústerfean, Hearke yn 'e Harkema. Hearke en heit koenen elkoar tige skoan, hwant sy wienen beide bijker en dêrtroch kamen se wol gauris by elkoar.
Hearke hie dat lân dêr yn 'e mieden fan dy master hierd.
Doe kaem er in kear by heit en sei: "Nou ha 'k fierstofolle lân foar ien hynder. Jimme ha forskeidene hynders. As wy it lân nou mei elkoar birêdde, dan kinne wy it ek meielkoar brûke. Der siet wol hwat rûgebol yn dat lân, mar foar hynders wie 't goed fretten. It like heit goed ta, dat it gong oan. Sa'n 5 à 6 jier ha se dat meielkoar hawn.
It lân wie hwat weak en hjir en dêr in bytsje sompich.
Der lei in dyk omhinne.
Op in kear wienen heit en dy dêr om hea en tagelyk wienen Hearke en dy der ek.
Hearke wie hwat oan 'e luije kant, mar ôfgryslike sterk.
Hearke hie in foer hea opladen hawn, 't hynder der foar en doe wied er al in eintsje op stap west nei de dyk ta, doe rekken de fjilden fan 'e wein fêst yn 'e weake groun.
De boom fan 'e wein lei op 'e groun, sa djip sieten de fjilden yn 'e modder, de achterste noch djipper as de foarste.
Heit en syn broer Alle en Bouke wienen mei har trijen, Hearke wie allinnich.
"Dat liket net bêst", sei heit.
Hearke hie de jageline delsmiten en hy hie sein: "'t Sil dertroch. It foer sit der goed rjocht op. Ik tocht dat wy
't der wol wer út krije koenen. Wy matte 't mar ris bisykje. Ik tochte sje sa: ik en Bouke krije elk in kant fan it tsjil beet (Bouke wie ek tige sterk), Alle mei de rêch der ûnder, dan kinne wy it der wol út krije. As Sjirk (dat wie heit) dan ment, sil ik sizze: klear - dan tagelyk tasette. Dan mat Sjirk mar sizze fan fuort."
Bouke stie oan 'e iene kant fan 'e wein, en Hearke oan 'e oare kant. Alle hie de rêch ûnder 'e bûkberje, dat soed er tominsten dwaen, mar hy die it net. Hy tochte: "ik wol ris wite hoe sterk dy mannen binne." Dat dy die der neat oan.
Mar de beide oaren hienen togearre it hiele foer hea in hiel ein omheech tild dat de fjilden kamen in hiel ein boppe de ierde en de wein hie samar oer de dyk hinne west.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Hearke was heel sterk maar ook lui. Op een dag toen ze hooi aan het laden waren, zakte de wagen met de wielen in de modder en kon er niet meer uitgetrokken worden door het paard. Hearke en Bouke pakten elk een kant van het wiel beet, Alle zou met zijn rug onder de wagen staan en Sjirk het paard mennen. Op een teken zouden de mannen zich tegelijk afzetten. Alle deed net alsof hij zijn rug onder de wagen hield, maar wilde wel eens weten hoe sterk de beide anderen waren, en inderdaad lukte het ze met z'n tweeën de wagen omhoog uit de modder te krijgen.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1050, verhaal 14 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

5 juli 1973
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Hearke    Hearke   

Bouke    Bouke   

Sjirk    Sjirk   

Sterke Jerke    Sterke Jerke   

Naam Locatie in Tekst

Twizel    Twizel   

Butenpostumermieden    Butenpostumermieden   

Surhusterfean    Surhusterfean   

Harkema    Harkema   

Alle    Alle   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21