Hoofdtekst
Liuwe Jansma fan Rottefalle wie ek aerdich sterk. Dy woe syn krachten wolris mei dy fan Hearke mjitte.
Liuwe wie by in klub, dêr dienen se oan piksjitten ensa, en dan wie Liuwe altyd de bêste.
Hy kaem ris by Hearke. Hearke wie in logge keardel, mar Liuwe Jansma wie fluch.
Liuwe hie Hearke hwat narre.
Hearke sei doe: "Ik leau datstû sin oan my haste."
"Né, hear", sei Liuwe.
"Oars kinne wy wolris wrakselje, dan kinne wy sjen hwa't it sterkste is", sei Hearke.
Dêr wie 't Liuwe om bigoun. Liuwe tochte: ik set him de holle ûnder 't liif en dan smyt ik him oer de wereld. Dat gebeurde hiel ûnforwachts, sûnder dat Hearke der op fordacht wie. Sa krige er Hearke op 'e groun. Doe sei Hearke: Nochris.
Liuwe soe wer de selde taktyk tapasse, mar doe wie Hearke der wòl op fordacht. Hearke sette Liuwe fuort de hannen yn 'e siden en lei him sa op 'e groun.
"Sa bin 'k der op 't gaust ôf", sei Hearke. Liuwe woe net wer.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Liuwe was sterk en vlug en was benieuwd of hij sterker was dan de logge Hearke. Hij daagde hem uit te worstelen en pakte hem zo onverwachts vast dat hij hem neer kon smijten. Toen Hearke revanche vroeg was hij natuurlijk voorbereid en legde hij Liuwe makkelijk op de grond.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 1050, verhaal 22 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
5 juli 1973
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Liuwe Jansma   
Hearke   
Sterke Jerke   
Naam Locatie in Tekst
Rottefalle   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21