Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105029

Een sage (mondeling), donderdag 05 juli 1973

Hoofdtekst

Yn 'e Harkema wie in húshâlding, dêr hienen se in bern, dat wie net goed. It tjirme en it hie lêst fan termynsetten.
Doe gongen se nei de duvelbander ta. Ik tink hast dat dat Frânse Hinke west hat fan 'e Rottefalle.
Dy joech in drank foar it bern mei oan 'e heit fan it bern.
't Wie yn 'e winter en der lei sterk iis. De man hie op redens nei Rottefalle ta west en sa gong er ek werom.
Doe moest er op it lêst oer de Wide Pet. Dêr wienen eilantsjes yn mei beamkespul der op. Dêr ried hy by lâns. Doe sprong dêr ynienen samar in dikke hazze flak foar syn fuotten lâns. Hy woe dy hazze pakke, mar doe kaem 't him yn 't sin dat it gjin goed spul wie. Dy hazze hie him falle litte wollen en dan wie 't drankje kapot rekke.
Op 't lêst wied er thús kaem. Doe't er noch mar krekt yn 'e hûs wie wie der in grouwe swarte kat tsjin 't glês oan stouwen kaem. Dat wie âlde Durkje, de tsjoenster, net ien oars. Dy hie 't bern bitsjoend.
De man krige in stien, doe't dy kat by de glêzen op fleach en hy rekke dy kat der mei.
Doe hie Brante Durkje letter in plak oan 'e holle.
Durkje waerd it hûs forbean en 't bern waerd wer better.

Onderwerp

SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.    SINSAG 0640 - Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen.   

Beschrijving

In een gezin was een ziek kind, dat behekst was. De vader ging naar de duivelbanner, over het ijs, om een drankje te halen. Op de terugweg was het flesje bijna gebroken door een haas. Thuis zag hij een grote zwarte kat. Hij gooide een steen naar de kat en later had Durkje een plek op haar hoofd. Zij mocht niet meer in huis komen, en even later genas het kind.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1050, verhaal 29 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

5 juli 1973
Hexentier verwundet: Frau zeigt am folgenden Tag Malzeichen; TM 3106: Het drankje van de duivelbanner; TM 3101: Heks maakt kind ziek

Naam Overig in Tekst

Franse Hinke    Franse Hinke   

Wide Pet    Wide Pet   

Brante Durkje    Brante Durkje   

Naam Locatie in Tekst

Harkema    Harkema   

Rottefalle    Rottefalle   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21