Hoofdtekst
Der wie in mynhear dy gong nei Ljouwert ta, en doe't er dêr wie, doe moest er noadich út 'e broek. Hy seach ris om him hinne, mar der wie net in minske yn 'e omkriten to sjen.
Doe gong er in lyts nau strjitsje yn mei bline muorren oan wearskanten. Dêr gong er moai sitten en die syn bihoefte.
Wylst er dêr sa siet kom der ynienen in plysje om 't hoekje fan 't strjitsje en dy seach dy mynhear dêr sitten. Mar fuort dêrnei stapte er wer fierder.
Dy mynhear kaem hastich oerein en lei syn hoed oer 't gefal hinne. Hy brocht syn klean wer hwat yn oarder.
Mar ynienen wie dy plysje der wer. Hy hie 't blykber net rjocht fortroud en woe wite hwat der gebeurde.
Hy seach dat dy mynhear nou stie en hy seach ek dat dy mynhear syn hoed op 'e groun lei.
Hy roan nei dy mynhear ta, mar hy sei neat. Hy seach wolris nei de hoed en roan fierder.
De mynhear doarst net fuort to gean hwant it mocht net dat ien syn bihoefte op strjitte die. Hy wist dat dat swier biboete waerd.
De plysje kaem nochris werom en nou gong er by de mynhear stean en hy bigoun tsjin him to praten.
"Jo steane hjir," sei er, "en dêr leit in hoed. Hwat bitsjut dat?"
"Ja," seit de mynhear, "dat sit sje sa: Us kanarje is fuortflein en nou ha wy him hjir yn dit strjitsje fangd en nou sit er ûnder dy hoed en nou is in freon fan my om in fûgelkouwe út. En nou mat ik hjir sa lang wachtsje oant er werom is. Mar hy bliuwt sa lang. Mar jo binne hjir nou dochs. Soenen jo hjir salang even op 'e kanarje passe wolle, dan sil ik wylst sjen hwer't myn freon bliuwt."
"Goed," seit de plysje, "ik bliuw hjir sa lang wol stean."
Mynhear stapt fluch op en tinkt: "Sjesa, dit is klear. Better in hoed kwyt as in bikeuring."
De plysje wachtet en wachtet. Mar der komt net ien opdaegjen mei in fûgelkouwe.
"Ik kin hjir ek net langer stean bliuwe", tinkt de plysje.
"'t Bêste is dat ik it fûgeltsje mar pak en yn 'e bûse doch, hwant it soe ek spitich wêze dat it fuortfleach."
Hiel foarsichtich skoude er syn hân ûnder 'e hoed en sei: "Sjesa, Pytsje, dêr haw ik dy."
Mar hy loek de hân kjel tobek, as er fornimt dat it hiel hwat oars is as Pytsje, dy't er by de wjokken hat.

Onderwerp
AT 1528 - Holding Down the Hat   
ATU 1528 - Holding Down the Hat.   
VDK 1528 - Holding Down the Hat   
Beschrijving
Een man moet in de stad nodig poepen. Hij doet zijn behoefte in een stil straatje, maar een politieagent vindt het verdacht en komt hem vragen wat er aan de hand is. Hij heeft nog snel zijn hoed over zijn ontlasting gelegd. Hij zegt dat onder die hoed zijn kanarie zit en dat hij wacht op een vriend die de kooi ophaalt. Hij vraagt de agent of die een tijdje wil oppassen en de agent stemt toe. Na een tijd heeft hij er genoeg van en wil de kanarie pakken. Hij kijkt wel raar op als hij merkt wat hij in zijn hand heeft.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 1051, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
7 juli 1973
Holding Down the Hat
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21