Hoofdtekst
Yn in café wie in papegaei. 't Wie yn 'e Dútse tiid. Dy papegaei sei altyd: "Hitler is dood." Dat hienen se him leard.
Doe kommen dêr ris guon fan 'e grüne Polizei yn dat café. Dy hearden dat de papegaei dat sei. Se waerden lulk en seinen tsjin 'e caféhâlder: binnen safolle tiid komme wy wer en dan mat er 't ôfleard ha. Sa net, dan nimme wy jo mei.
Doe gong de caféhâlder nei de doomny ta. Dy hie ek in papegaei. Hy sei: Kinne wy ek tydlik ruilje? Sa en sa.
Dat koe wol. Doe krige de kastlein de doomny syn papegaei yn 't café.
Doe't de poepen wer kamen gongen se nei de papegaei ta en seinen: "Siz ris Hitler is dood." De papegaei sei neat.
De mannen rôpen almar: "Hitler is dood! Hitler is dood!"
Op 't lêst joech de papegaei antwurd. Hy sei: "Laten wij dan samen danken."

Onderwerp
VDK 0237D* - "Hitler is dood!"   
Beschrijving
Papegaai in café was geleerd "Hitler is dood" te roepen. Leden van de Grüne Polizei werden daar boos over en dreigden de caféhouder met meenemen als hij het de papaegaai niet afleerde. Ruil met papegaai van dominee die niets zei toen de Duitsers weer kwamen en steeds riepen "Hitler is dood! Op het laatst zei de papegaai "Laten wij dan samen danken."
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 1053, verhaal 11 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
4 augustus 1973
"Hitler is dood!"
Naam Overig in Tekst
Grüne Polizei   
Hitler   
Dútse tiid   
Duitse tijd   
Poepen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21