Hoofdtekst
Der wie ris in soldaet, dy hie by de koaning yn tsjinst west. Doe't dy koaning him net langer brûke koe krige er syn ûntslach. En hy krige sawn stûren.
Dy soldaet tochte: hwat mat ik nou útfiere. Doe naem er it bislút de wrâld yn to gean.
Doe't er in ein op stap wie seach er in man stean. Dat wie in jager. Hy hie 't gewear tsjin 't skouder oan en seach ergens tige skerp nei.
De soldaet sei: "Hwat dogge jo dêr?" Doe sei dy jager: "Ik sjoch dêr yn 'e fierte in mich. Dy wol ik ien fan 'e poaten ôfsjitte."
Doe sei de soldaet: "Ik gean de wrâld yn. Wolle jo ek mei?"
"Jawol", sei de jager, en doe gongen se togearre fierder op stap.
In eintsje fierder seagen se in man mei in houten foet. Hja bleauwen stean. Dy man droech de houten poat ûnder 'e earm.
"Hwat binne jo?" frege de soldaet.
"Ik bin postboade", sei de man.
"Hwerom drage jo dy houten poat under 'e earm?" frege de soldaet.
"As ik dy poat ûnderbyn," sei de postboade, "dan rin ik fiersto hurd. Dan stou ik elkenien foarby."
Doe sei de soldaet: "Wy geane de wrâld yn. Wolle jo mei?"
Dat woe dy postboade wol, mar hy moest earst noch hwat brieven rounbringe. Hja koenen wol even op him wachtsje.
Doe boun er de houten skonk ûnder en hy sette ôf. Samar wie hy der wer, doe hied er alle brieven al toplak.
Doe gongen se mei har trijen fierder.
In eintsje fierder seagen se in man, dy droech in eigenaerdich huodtsje op 'e holle.
"Hwat bitsjut dat huodtsje?" frege de soldaet.
Doe sei de man: "Dat is in hiel apart huodtsje. As ik dat hwat foar op 'e holle sitten ha, dan wurdt it tige waerm en moai waer, mar set ik it achteroer op 'e holle, dan bigjint it to waeijen en to friezen. Dan wurdt it tige kâld."
De soldaet sei: "Wy geane de wrâld yn, wolle jo mei?"
Ja, dat woe dy man mei 't huodtsje wol.
Doe gongen se mei har fjouweren fierder.
In skoftsje letter kamen se yn in bosk. Dêr wie in man oan 't takkebrekken.
De soldaet sei: "Wolle jo ek mei?"
Doe sei dy man: "Ik mat myn âlde mem earst branhout bringe." Doe luts er fiif grouwe beammen samar út 'e groun, dy died er by elkoar en dêr die er in oare beam omhinne en sa laedde hy se op 'e rêch. De beammen brocht er nei syn mem ta en doe kaem er werom.
Doe wienen se mei har fiven.
Doe't se wèr in eintsje fierder wienen stie dêr in man to blazen.
"Hwat dogge jo dêr?" frege de soldaet.
"Sjogge jo dy wettermounen dêr wol yn 'e fierte?" sei de blazer, "dy binne allegear oan 't draeijen. Dat doch ik, hwant it is stil waer. Troch to blazen bring ik de roeden yn biweging."
De soldaet sei: "Wy geane de wrâld yn. Ek mei?"
Doe gong de blazer ek mei, doe wienen se mei har seizen.
Doe kommen se yn in stêd. Dêr wenne in koaning en dy koaning hie in dochter.
Dy dochter hâldde fan hurdrinnen. Dat mocht se graech sjen. Hja hie in knecht, dy koe tige hurd rinne.
Dy dochter dage guon út om tsjin dy knecht to rinnen. Dy't hurder rinne koe as de knecht, dy soe mei har trouwe.
Dat hearden dy seis mannen.
De soldaet sei tsjin 'e postboade: "Dat wie hwat foar dy. Dêr wolle wy hinne."
Doe gong de soldaet nei de koaning ta en sei: "Jo hawwe in knecht dy't hurd rint en ik haw hjir in persoan dy wol wol tsjin him rinne."
De koaning sei: "Is dat dy man mei de houten poat?"
"Ja", sei de soldaet.
Doe moesten de postboade en de knecht troch in lange leane rinne. Op 'e ein wie in dobbe mei wetter. De postboade en de knecht moesten elk in krûkfol wetter út dy dobbe meinimme. Zo gezegd, zo gedaan.
Mar doe't de postboade syn houten poat oangaspte wie hy yn in omsjoch by de dobbe. De knecht wie der noch lang net oan ta, doe wie er al op 'e weromreis. Werom moesten se ek om 't hurdste. Underweis werom tocht dy postboade: "Ik wol even útrêste." Doe gong er lizzen mei de holle op in deade hynstekop. Mar doe foel er yn 'e sliep. Dat seach de jager. En hwat dy to dwaen hat, dy skeat him de deade hynstekop ûnder 'e holle wei. Doe waerd de postboade wekker. Hy bigoun wer to rinnen en wie 't earst op 'e ein. Hy woun it nòch.
Doe hie de man mei de houten poat dus rjocht op 'e koaningsdochter. Mar dy sei: "'k Wol dy man net ha."
Doe sei de koaning: "Hoe matte wy dêr mei oan?"
Mar doe bitocht er in plan. "Wy sille dy mannen in miel oanbiede", sei er.
Doe brocht er dy mannen yn in keamer. Mar dat wie in oven. Der stie allegear lekker iten foar de seis man op 'e tafel. Mar doe't se dêr sieten to iten waerd de oven stookt.
"Hwat wurdt it hjir hyt", seinen se. Doe krigen se yn 'e gaten dat it de bidoeling wie dat se bakt wurde soenen.
De soldaet sei: "De koaning hat hwat mei ús foar."
Mar it mantsje mei de singeliere hoed sei: "Wacht mar even." En hy docht de hoed achteroer op 'e holle. Doe bigoun it to friezen dat it knapte.
Hja hienen dêr sahwat in healûre yn 'e kjeld sitten, doe tocht de koaning: "Nou binne se wol dea." En hy gong der hinne. Mar doe foun er dy mannen dêr allegearre springlevend. Hja sieten dêr to bibberjen fan 'e kjeld.
Doe't de dochter dat hearde, sei se tsjin 'e koaning: "Hwat nou?"
Doe sei de koaning tsjin 'e soldaet: "Nou meije jo in winsk dwaen, hwant myn dochter wol jo net ha. Hwat wolle jo ha?"
Doe sei de soldaet: "Safolle goud as dizze man drage kin." En doe wiisde er de takkebrekker oan.
Dat wie de koaning goed.
Doe krige de koaning in wyt lekken en dêr lei er allegear goud op. De sterke man krige de punten fan it lekken mei tûme en finger beet en tilde 't saekje op. En doe sei er: "Dat is fierste min."
Doe naeiden se fjouwer lekkens oan elkoar. Doe't se dy fol goud smiten hienen wie de hiele skatkiste leech. Dêr gong de soldaet mei akkoard.
De sterke man krige 't beet en smiet it frachtsje oer 't skouder. En dêr gong it hinne. Hja forlieten it paleis.
Doe liet de koaning ien fan syn knechten komme. Hy sei tsjin him: "As wy dy soldaet mei al dat goud gean litte, binne wy bankroet. Wy matte dy minsken gefangen nimme en deameitsje."
Doe stjûrde hy in leger te paard achter dy seis mannen oan. Mar de jager seach dat leger yn 'e fierte oankommen.
Hy sei: "Der komt in leger achter ús oan."
Doe sei de man dy't blaze koe: "Lit se mar komme."
Doe't se tichterby wienen bigoun er to blazen. En doe hat er se allegear yn sé blaesd. Dêr binne se fordronken.
En doe gongen dy seis man werom nei de koaning ta.
En doe hat dy koaning har in kasteel jown om yn to wenjen en doe leefden se noch lang en gelokkich meiinoar.

Onderwerp
AT 0513 - The Extraordinary Companions   
ATU 0513 - The Extraordinary Companions.   
Beschrijving
Een soldaat wordt ontslagen en trekt de wereld in. Hij krijgt vijf compagnons mee: een hardloper, een scherpschutter, iemand die het heet en koud kan maken, een harde blazer, en iemand die veel kan dragen. Wie harder kan lopen dan de knecht van de prinses mag met de prinses trouwen. De hardloper wint, nadat de scherpschutter hem uit zijn slaap heeft geschoten. De prinses wil eigenlijk niet trouwen. De gezellen worden in een kamer gebracht die opgestookt worden, maar de ene kompaan zorgt dat het er ijskoud wordt. Dan mogen ze zoveel rijkdommen meenemen als de drager kan dragen. Daarmee blijkt de koning meteen bankroet te zijn en hij stuurt een leger achter hen aan. De blazer blaast het leger de zee in. Daarna krijgen ze een kasteel en leven ze nog lang en gelukkig.
Bron
Corpus Jaarsma, verslagnummer 1055, verhaal 8 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
8 augustus 1973
The Extraordinary Companions
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21