Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105513

Een mop (mondeling), woensdag 08 augustus 1973

Hoofdtekst

Yn froeger tiden hienen de minsken ek al lêst fan woningnood.
Der wie in feint, dy hie forkearing mei in skippersdochter.
Dy dochter wenne by har heit yn. Hja hienen mar ien bêd, en dêr slepten se togearre op.
De forkearing wie safier, dat hja soenen trouwe. Dat gebeurde. De jonge komt by de heit en dochter yn to wenjen, hwant in hûs kinne se net krije.
Omdat dêr mar ien bêd is, matte se dêr mei har trijen op lizze, de dochter yn it midden.
De jonge man hie dêr net folle mei op, hwant as er hwat woe, dan lei dy heit dêr by en dat wie neat net frij.
Doe sei de jonge frou: "Ik wyt der wol in ried op. As heit slept lûke wy him in hier út 'e sek. As er dan net wekker wurdt kinne wy ús gong gean."
Dat wie ôfpraet.
De jouns wachten se sa lang oant de heit bigoun to snoarkjen. Doe luts dat fanke har heit in hier út 'e sek. Hy waerd net wekker, dat doe rekke 't los.
De oare moarns kaem de jonge frou it earst fan bêd ôf.
Hja song: "Wat is 't vannacht toch mooi gegaan, hoezee!"
Doe sette hja kofje. En doe kaem har man der ôf en dy bigoun ek to sjongen: "Het zal vannacht nog mooier gaan, hoezee!"
Doe sieten se dêr togearre to kofjedrinken. Doe sei de dochter: "Der mat noch al in bakje kofje foar heit oerbliuwe, as er wekker wurdt."
Doe sei de man: "Ik bin al wekker," en doe bigoun hy ek to sjongen: "Als het alle nachten zo moet gaan, dan blijft er geen haar op mijn klootzak staan.
Hoezee, hoezee, hoezee, hoezee, hoezee, hoezee!"

Onderwerp

VDK 1359A* - Man schaamhaar uitgetrokken om te kijken of hij slaapt    VDK 1359A* - Man schaamhaar uitgetrokken om te kijken of hij slaapt   

Beschrijving

Vanwege de woningnood woont getrouwd stel bij vader van de dochter in. Er is maar één bed. Om ongestoord te vrijen trekt de dochter een haar uit het geslacht van haar vader om te testen of hij slaapt. Vrijen daarna ongestoord. Volgende ochtend zingt stel over de voorbije nacht. Vader is wakker geweest en zingt dat alles zo doorgaat hij geen haar zal overhouden

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1055, verhaal 13 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

8 augustus 1973
Man schaamhaar uitgetrokken om te kijken of hij slaapt

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21