Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105903

Een sage (mondeling), (foutieve datum)

Hoofdtekst

By de Kompenijsterfeart dêr stie in greate âlde boereplaets. Dêr wennen Klaes Tyssens manlju yn, dy hienen in great stel fé. Mar der wie net in feint, dy't dêr by dy manlju wenje woe. Hwant it doogde dêr net.
It bêdsté, dêr't de feint yn sliepe moest, wie yn 'e stâl, achter de mjilgong.
Alle jounen as de feint yn 'e hûs west hie om to iten, en hy gong op bêd achter 'e doarkes, dan woarde der op 'e doarren kloppe en de amers bigounen to ratteljen en de pompen to pompen. Dan wie 't allegear lawaei om him hinne.
As sa'n feint dan de bêdsdoarkes iepen die en hy makke ljocht, dan wie der neat to rêdden. De beesten leinen allegear rêstich to wjerkôgjen en der wie neat. Mar de feinten hâldden it dêr noait lang út.
Doe bistege lytse Albert Scholte him dêr as feint. Dat is nou sahwat 65 jier lyn.
Klaes Tyssesmanlju seinen earlik tsjin him dat dêr nachts altyd sa'n lawaei wie, mar lytse Albert wie in drysten ien en sei dat him dat neat skele koe. Hy wie net bang.
Letter fortelde er: "Ik gyng de jouns op bêd en die de doarkes ticht. Ik hie in lampke by my op it bêdsbuordtsje stean, dat wie oan.
Ik lei noch mar krekt, of dêr woardde op 'e doarkes slein.
- Dat is de duvel - tocht ik. Ik die de doarkes iepen en ljochte mei 't lampke. Mar der wie neat to sjen en neat to hearren.
Ik gyng wer lizzen en die de doarkes wer ticht. Fiif minuten letter waerd der wer op 'e doarkes slein en 't wie ien en al leven. Doe sei 'k by my sels: - Hou mar troch, ik kom der net wer ôf -."
Trije jier hat Albert dêr feint west. Alle jounen wienen dy lûden dêr. Hwat hat dat nou west?

Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

In de schuur van Klaas Tyssens spookt het, de knechten kunnen er 's avonds niet slapen want er is altijd lawaai te horen. Albert Scholte is echter drie jaar knecht geweest, hij was niet bang uitgevallen. Hij ook echter kreeg te maken met het lawaai maar zei 'Hou maar op, ik kom toch niet uit bed'.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1059, verhaal 3 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen

Naam Overig in Tekst

Klaes Tyssens    Klaes Tyssens   

Klaas Tyssens    Klaas Tyssens   

Albert Scholte    Albert Scholte   

Naam Locatie in Tekst

Kompenijsterfeart    Kompenijsterfeart   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21