Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ105923

Een sage (tijdschriftartikel), (foutieve datum)

Hoofdtekst

Dy't op 'e klaei de koarts krige - de klaeikoarts - koe dy allinne wer kwyt wurde, as er wer nei de klaei ta gong. Dat haw ik sels yndertiid meimakke. Wy arbeiden faek yn Emden. Mei in boatsje via Delfsyl farden wy dêrhinne. Wy wienen dêr yn 'e kost yn in streek huzen, dat hiet Lombok. Dêr roan in ringat lâns en dêr stonk it tige. Minsken fan ús kant krigen dêr de koarts fan.
Se gongen dan hjir by ús wol nei in dokter ta, mar dy syn medesinen holpen net. Hjoed wie men de koarts kwyt, mar moarn kom er wer. 't Wie de twaddedeis-koarts.
Ik hie in maet yn Boelensloane dy hie dêr de koarts ek krige. Hy hie in húshâlding mei fiif bern en der wie doe noch gjin ûndersteuning lyk as nou, dat hja sieten dêr djip yn 'e earmoed. Jan Veenstra hiet dy maet fan my.
Hy moest noadich hwat fortsjinje, mar de stumper koe net.
Dy simmers koe ik yn 'e ûngetiid komme to Sânfurden achter Aldegea yn Wymbritseradiel by in boer, dat wie Bonne Groenveld. Mar dan moest ik in man meinimme dy't goed weidloeije koe. Hwant weidloeije koe 'k net. Doe gong ik nei Jan Veenstra ta, hwant dy koe 't wol,
Mar Jan sei: "Ik woe graech, mar ik kin net, jonge."
Ik sei: "Dû mast it prebearje. Ast it wer krijste, seist tsjin 'e boer: 'Ik wit net hoe't ik it ha, mar ik bin koartsich', dan sil de boer dy wol helpe."
Doe liet er him biprate en hy gong mei my nei de klaei. De deis dat wy oankamen mankearde Jan neat. De oare deis moest er de koarts wer ha. Doe't wy de oare moarns út it strie kommen, sei Jan: "ik ha de koarts net krigen." Trije wiken ha wy dêr tahâlden foar ƒ12,50 wyks.
Moarns 4 ûre setten wy út ein en jouns 9 ûre hâldden wy op.
Jan hat al dy dagen noait koarts hawn. Hy wie de koarts kwyt. Hy groeide by de dei. Hy hat it noait wer hawn.
't Siet him yn 'e klaei. Jo matte wer nei de klaei ta om 't kwyt to wurden.

Beschrijving

Wie op de klei de kleikoorts krijgt kan die koorts alleen kwijtraken door terug te gaan naar de kleistreek. Medicijnen van een dokter hielpen niets. Voorbeeld van iemand die door terug te gaan naar de klei nooit meer koorts heeft gehad.

Naam Overig in Tekst

Delfsyl    Delfsyl   

Jan Veenstra    Jan Veenstra   

Sânfurden    Sânfurden   

Wymbritseradiel    Wymbritseradiel   

Wymbritseradeel    Wymbritseradeel   

Jan    Jan   

Naam Locatie in Tekst

Emden    Emden   

Delfzijl    Delfzijl   

Lombok    Lombok   

Boelensloane    Boelensloane   

Boelenslaan    Boelenslaan   

Aldegea    Aldegea   

Oudega    Oudega   

Bonne Groenveld    Bonne Groenveld   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20