Hoofdtekst
Alde Bontsje Keeke (= Cornelis Veenstra) wenne yn Spoorbuurt ûnder Sweagerbosk. Hy wie mei de helm geboaren. Ik ha him tige skoan kend. Forskate kearen hat er fan tofoaren lykstaesjes sjoen. Meastal gebeurde dat yn 'e nacht. Dan lei Keeke op bêd. Mar dan koed er ûnmooglik lizzen bliuwe, dan moest hy der ôf. Hy hat wolris prebearre lizzen to bliuwen, mar dan dreau er op 't lêst yn 't swit. Dan roan er nei 't plak dêr't er wêze moest. Dêr seach er dan de lykstaesje foarby gean. Nei't my heuge my kaem it altyd nei. Hwat hy sjoen hie yn 'e nacht, dat gebeurde letter by dei.
Hy makke der gjin geheim fan. Hy fortelde der wol oer. Dan sei er: ik ha fan 'e jouns of fannacht dêr en dêr hwat sjoen.
En dan biskreau er it. Men koe dus neigean of it útkaem.
Hy hat ek sjoen dat syn eigen dochter fordronken is. Dat gebeurde yn 'e dobbe, flak foar syn glêzen. Hy seach it fan tofoaren gebeuren.

Onderwerp
TM 2901 - Helmdragers   
Beschrijving
Met de helm geboren man kan van te voren lijkstaties zien. Dat gebeurde meestal 's nachts als hij op bed lag, en moest hij opstaan. Als hij bleef liggen zweette hij vreselijk. Wat hij 's nachts zag, gebeurde overdag, en hij vertelde wat hij zag. Hij voorzag ook het verdrinken van zijn eigen dochter.
Commentaar
Helmdragers
Naam Overig in Tekst
Bontsje Keeke   
Cornelis Veenstra   
Spoorbuurt   
Keeke   
Naam Locatie in Tekst
Sweagerbosk   
Zwagerbos   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20