Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ106008

Een sage (mondeling), (foutieve datum)

Hoofdtekst

De tsjoensters tsjoenden krânsen yn 'e holkessens fan 'e bern.
Ik ha 't ris meimakke, doe wie der ek wer in bern bitsjoend.
De minsken makken it kessen iepen en doe hellen se der twa en in heale krâns út. Se wienen der op tiid by. Hienen der trije krânsen yn west, dan wie 't bern dea gong. It gebeurde hjir yn Sweagerbosk. Der sieten yn dy krânsen allegearre triedsjes fan jern dy't de frou foar 't stopjen en naeijen brûkt hie. De krânsen wienen ringen fan fearkes, dy't allegearre ien kant oergongen. Se binne doe nei de duvelbander tagong. Dat wie Wopke fan Kûkherne. Wopke joech in drankje mei en sei: "Jimme matte ûnderweis oppasse dat der net ien tsjin 't fleske oan stompt, oars giet dat stikken."
It bern is wer better woarn. Dit gebeurde sa'n 55 jier lyn.

Onderwerp

TM 3109 - Heksenkrans in kussen    TM 3109 - Heksenkrans in kussen   

Beschrijving

Tovenaars toverden kransen in de hoofdkussens van kinderen. Een keer maakten mensen een kussen open en toen vonden ze twee en een halve krans, hadden ze er drie gevonden dan was het kind dood geweest. Ze zijn toen naar de wonderdokter gegaan, Wopke van Kûkherne. Die gaf een drankje mee en zei dat onderweg niemand tegen het flesje aan mocht stoten anders zou het kapot gaan.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 1060, verhaal 8 (archief Meertens Instituut)

Commentaar

Heksenkrans in kussen

Naam Overig in Tekst

Wopke van Kûkherne    Wopke van Kûkherne   

Naam Locatie in Tekst

Sweagerbosk    Sweagerbosk   

Zwagerbos    Zwagerbos   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21