Hoofdtekst
Frijmitselers forkeapje har siele by 't libben oan 'e duvel. Dan barre se in moai protte jild. Hja hawwe ek in wikseldaelder. In wikseldaelder rekket noait op. Se ha dus noait ergens forlet fan.
Hja matte har hiele libben lang bouwe. It hûs dêr't se yn wenje rekket noait klear.
Dy't ienkear by de frijmitselers is, kin der noait wer by wei.
Mei eigen bloed ha se in kontrakt ûndertekene dêr't dat yn stiet.
As in frijmitseler der út wol, wurdt der him frege: Hoe wolle jo der út? Mat jou namme der út skrabbe wurde of derút wiske, of der útstutsen? Der binne trije mooglikheden. Sa'n man waerd dan letter foun mei 't mes yn 'e lea. In âld man hat my dat forteld.
Fan 'e frijmitselers mat der om 'e sawn jier ien dea. Der wurdt om lotte, hwa't dat wêze mat.

Onderwerp
TM 2900 - Vrijmetselaars   
Beschrijving
Vrijmetselaars verkopen voor veel geld hun ziel aan de duivel. Ze hebben een wisseldaalder die nooit opraakt. Vrijmetselaars moeten hun hele leven bouwen, hun huis krijgen ze nooit af. Wie vrijmetselaar is kan er niet uitstappen.
Commentaar
Vrijmetselaars
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20