Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ106120

Een sage (tijdschriftartikel), (foutieve datum)

Hoofdtekst

Mem har beppe wie mei de helm geboaren. Hja woe noait lije dat mem en dy by 't tsjuster midden op 'e wei roannen. Hwant dan koenen se tsjin in lykstaesje oprinne en in rare stomp krije.
Mem har beppe seach lykstaesjes fan tofoaren. Hja hat ek sjoen hoe't har eigen soan op in skip fordronken is.
Hja sei de deis fan tofoaren noch tsjin him: "Dû mast der fannacht net út gean." Hwant hja wist hwat der gebeure soe.
De jonge moest yn 'e nacht pisje. De pot wie fol. Doe gong er mei de folle pot by 't ljedderke op. Hy soe de pot leegje yn 't wetter, mar tûmele oer board. Sa is er fordronken.
De oare moarns seinen syn bruorren: "Hwer is hy?"
Doe sei myn oerbeppe: "Hy leit dêr yn dêr yn 't wetter. Helje him der mar út." En dêr ha se him doe foun.
Dit is wier gebeurd.

Onderwerp

TM 2901 - Helmdragers    TM 2901 - Helmdragers   

Beschrijving

Overgrootmoeder is met de helm geboren en kon van te voren lijkstaties zien. Ze wist ook van te voren dat haar zoon zou verdrinken. Ze had hem overdag gewaarschuwd die nacht niet naar buiten te gaan. De jongen moest plassen, maar de pot was vol. Bij het legen van de pot is hij over boord gevallen. De volgende ochtend zei overgrootmoeder tegen zijns broers dat ze hem uit het water moesten halen.

Commentaar

Helmdragers

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20