Hoofdtekst
Achter Bennema-state wie 'k in kear hielendal achter yn 't lân. 't Wie prachtich-moai stil waer. Der wie abslút gjin wyn. Ynienen giet der troch 't lange gers in twirre. Dy twirre giet oan 'e beammen fan 't slot ta en giet sa yn 'e beammen op. En doe wie 't fuort en wie der gjin twirre mear. 't Wie wer blêdstil, de hiele middei. Dat wie in moai waer-twirre, sa't se dat neame. Mar ik siz, it wie in geast, dy't dêr lâns dwarrele.
Beschrijving
Het is bladstil en opeens gaat er een windvlaag door het hoge gras naar de bomen. daar gaat de windvlaag de bomen in en verdwijnt. Volgens de verteller was het geen mooi weer-vlaag, maar een geest.
Naam Overig in Tekst
Bennema-state   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20
