Hoofdtekst
Us heit wenne yn Kollum. Hy wie fêste arbeider by de boer. Mar dat foldie him net langer, en doe woarde er los arbeider. Hy moest faek koedriuwe. Dy kij moesten dan nei Visvliet of nei Bûtenpost tadreaun wurde. Fan Visvliet gongen se mei de boat nei Ljouwert ta, nei de fémerk, en fan Bûtenpost ôf mei de trein.
Op in freed-to-moarn moest der fé nei Bûtenpost ta dreaun wurde. Wy gongen mei ús fjouweren op stap út Kollum wei. Myn suster en ik hienen elk fiif kij by ús. Heit en myn broer dreauwen togearre alve oksen.
Myn suster en ik roannen foarop. Ynienen kaem heit hastich by ús en sei: "Tink der om, tink derom, der komt in stoomfyts oan. Oan kant mei de kij!"
Mar wy seagen gjin stoomfyts, en wy ha dy deis ek noait in stoomfyts sjoen.
De jouns frege ik heit: "Hwer is dy stoomfyts eins bilânne? Ik ha noait ien sjoen."
"Hastû dy net sjoen?" sei ús heit forbaesd, "dy stoomfyts is ommers oer dy feart flein."

Beschrijving
Tijdens het drijven van vee waarschuwt vader opzij te gaan omdat er een motorfiets aan komt. Verteller ziet niets. Als hij zijn vader vertelt niets te hebben gezien, zegt vader dat de motorfiets over de vaart is gevlogen.
Bron
Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Visvliet   
Naam Locatie in Tekst
Kollum   
Bûtenpost   
Buitenpost   
Ljouwert   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21