Hoofdtekst
Us heit wie noch feint, hy wie noch net troud. Hy wie boerefeint op Minne Geerligsplaets to Rottefalle, oan 'e Boppeste. Hy hie doe forkearing mei ús mem, dy wenne hjir op 'e Loane, yn in hûs krekt achter uzes.
't Wie yn 'e winter en moai waer. 't Wie yn 'e neinacht, der lei snie. Heit kom krekt by ús mem wei, doe seach er op 'e daem in keardel stean. 't Wie in greate, gewante keardel.
Heit hie in houn by him, mar dy woarde sa binaud, dy krûpte achter him.
Mar ús heit wie in keardel, dy wie nergens bang foar. Hy gong troch linnen en wâllen, om samar to sizzen. Hy woe wite hwat dat foar in keardel wie en hy sei tsjin him: "Dû ûntkomst my net, hwant ik ha dy klear sjoen." Op it stuit dat er dat sei, stie dy keardel net mear op 'e daem. Heit tocht: Hwer kin dy sa gau bilânne wêze. Doe hat er alle dwars- en langsleatten ôfsocht om him to finen, mar hy wie der net.
En dochs hie heit him klear sjoen.
De oare moarns frege er de boer of er wol even fuort mocht. Dat woarde him tastien. Doe heit wer nei 't selde plak ta, hwant hy woe wite hwer't dy keardel bidarre wie. Mar der wie net in spoar fan dy keardel yn 'e snie to sjen. Wòl de spoaren fan heit-sels - en fan 'e houn.
Doe krige er it troch, dat it in forskining west hie.

Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Vader van verteller zag 's nachts een man op een dam staan. Zijn hond werd bang, vader niet. Op het moment dat hij zei dat de man hem niet zou ontkomen, was de man verdwenen. Ondanks zoeken vond hij de man niet. De volgende ochtend ging vader weer zoeken, maar zag in de sneeuw alleen de sporen van zichzelf en de hond. Toen b egreep hij dat de man een verschijning was geweest.
Bron
Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinunge
Naam Overig in Tekst
Minne Geerligsplaets   
Boppeste   
Bovenste   
Loane   
Naam Locatie in Tekst
Rottefalle   
Rottevalle   
Boelenslaan   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21