Hoofdtekst
Yn Feanwâldsterwâl hat ien wenne, dy die 't tige raer doe't er noch feint wie. It wie ien dy't faek yn 'e kroech siet en dan sei er 't raer op. Kaertspylje, sûpe, him mâltjirgje, flokke en sweare en swetse. Hy spile ek op 'e harmoanika. Ienkear hied er der op spile, op in joun yn 'e kroech en doe hie er 't Onze Vader op flokwurden dêrby song.
Doe't er út 'e herberch kom, hat de duvel mei him red. Dy hat him fier oer de heechste beammen hinne smiten. Hy hat doe sa'n opneuker krigen, dat nei dy tiid wied er foargoed bikom. Hy hat it noait wer raer dien.

Beschrijving
Een jongen zat vaak in de kroeg waar hij zich misdroeg met kaartspelen, zuipen, luidruchtig zijn, vloeken en opscheppen. Eens speelde hij harmonica en zong het Onze Vader met vloekwoorden. Toen hij uit de kroeg kwam, nam de duivel hem te pakken. Die gooide de jongen over de hoogste bomen. Daarna heeft hij zich nooit meer misdragen.
Bron
Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Onze Vader   
Naam Locatie in Tekst
Feanwâldsterwâl   
Veenwoudsterwal   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21