Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ106823

Een mop (mondeling), (foutieve datum)

Hoofdtekst

Der wie in boer mei de feint op it lân oan 't ploegjen.
Doe sei de boer tsjin 'e feint: "Helje my de moffen even op, ik krij kâlde hannen."
Doe sei de feint: "Ien of allebeide?"
"Allebeide, koalle", sei de boer.
De feint gong nei de pleats ta. Hy sei tsjin 'e frou en de faem: "Ik mat jim allebeide ha, hat de boer sein."
Mar dat woe de frou net leauwe.
"It is sà," sei de feint, "as jo it net leauwe wolle sil 'k de boer nòch wolris freegje."
Doe rôp er hiel lûd út 'e doar wei: "Ien of allebeide?"
"Allebeide, koalle!" rôp de boer werom.
"Nou hearre him 't", sei de feint tsjin 'e froulju. En doe koed er syn gong gean.

Beschrijving

Boer draagt knecht op beide handschoenen te halen. Knecht zegt tegen boerin en dienstmeid dat hij beiden moet hebben. Ze geloven dat pas als de boer op de vraag van de knecht één of beide, allebeide als antwoord geeft.

Bron

Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21