Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ106828

Een mop (mondeling), (foutieve datum)

Hoofdtekst

Jehannes tsyske (= Jehannes Meerstra) wenne hjir op Feanwâldsterwâld. Ik haw him wol kend, ik ha kammeraet west mei syn soan. Jehannes kom wol by ús pake to bûksprekken. Hwant dat koed er omrake goed.
Op 'e oare ein hjir op 'e Wâl stie in sûkerij-fabryk. Dêr wie Jehannes op oan 't wurk. Doe hie ien fan 'e mannen sein, hy hie sa'n sin oan in pikelhearring. Jehannes stie der by. Der kommen froeger altyd keardels bylâns dy't sutelden mei pikelhearrings. "Hering!" waerd der dan roppen. Dat wie dêr even letter ek it gefal.
"Hering!" Hja hearden 't allegear dúdlik, 't wie 't lûd fan 'e pikelhearringkoopman.
"Hark," seinen se, "dêr is er." Hja der út, mar doe wie der neat.
Hja wienen krekt wer oan 't wurk of dêr wie 't al wer: "Hering!" Doe gongen se der wer út. Mar der wie wer neat. Doe krigen se yn 'e gaten dat Jehannes har dy poets bakt hie.

Beschrijving

Een man kon goed buikspreken. Toen één van zijn collega's zei dat hij zin in een haring had, deed de buikspreker de haringventer na. Iedereen ging naar buiten, maar er was niemand. Toen ze net weer aan het werk waren hoorden ze weer de haringventer, maar er was weer niemand. Ze kregen toen in de gaten dat de man hen voor de gek had gehouden.

Bron

Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Jehannes tsyske    Jehannes tsyske   

Jehannes Meerstra    Jehannes Meerstra   

Feanwâldsterwâld    Feanwâldsterwâld   

Jehannes    Jehannes   

Johannes    Johannes   

Naam Locatie in Tekst

Veenwoudsterwal    Veenwoudsterwal   

Wâl    Wâl   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21