Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ106837

Een sage (tijdschriftartikel), (foutieve datum)

Hoofdtekst

Het boze oog fynt men by de frijmetselers yn it gebou dêr't se yn by elkoar komme. Jehannes Meerstra wie ek in frijmetseler.
Frijmetselers sitte meielkoar yn in klub. Se ha noait gebrek oan jild. Dat jild krije se fan 'e kweade. Se ha in forboun mei de duvel sluten. Dêr is in kontrakt fan en dat bliuwt altyd geldich. Se ûndertekenje it mei har eigen bloed.
Om 'e sawn jier mat der ien fan 'e frijmetselers dea, krekt as by de tsjoensters. Hwa't dat wêze sil, dêr wurdt om lotte.
Se matte in gelofte dwaen - it is in tige tsjustere saek.
As it jild op is hinge se jouns in lege ponge oan 'e kruk fan 'e doar en de oare moarns is er wer fol jild. Dat binne duvelskunsten - dy bisteane.
Yn 't gebou, dêr't se yn by elkoar komme sit yn 'e souder in great eech. Dat is it boze oog.
Hja kinne der noait wer by weikomme. Dy't dat àl wol wurdt fan kant makke. Hoe, dat is de minsken in riedsel. Dat lekket noait út. It binne faek handelsju dy't der by binne. Se kinne sinten krije safolle as se mar ha wolle.

Onderwerp

TM 3117/TM 2900    TM 3117/TM 2900   

Beschrijving

Vrijmetselaars hebben nooit geldgebrek, hebben een verbond met de duivel gesloten, moeten een gelofte afleggen, kunnen nooit uit dat verbond stappen. Om de zeven jaar moet iemand via loting sterven. Op de zolder van het gebouw waar ze samenkomen zit het boze oog.

Bron

Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

De kwade hand (boze oog)/Vrijmetselaars

Naam Overig in Tekst

Jehannes Meerstra    Jehannes Meerstra   

Johannes    Johannes   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20