Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ106914

Een sage (mondeling), (foutieve datum)

Hoofdtekst

Ik wie noch net troud, wy wennen op 'e Boelensloane. It waeide dat it stoarme. It wie yn 'e neinacht. In suster fan my hie mei har man by ús west to praten. Myn faem wie ek by ús. Myn suster en 'e man wennen yn Surhústerfean, dêr moesten se dy nachts wer hinne. Ik en myn faem soenen har in ein bringe. It waeide dat it rikke, it stoarme bytiden, en soms wie 't roettsjuster. It is nou sahwat sechstich jier lyn.
Doe't wy oan 't Blauhûs ta wienen stie dêr ien midden op 'e wei. Earst like it wol as dyselde roan, mar doe't wy der oan ta wienen stie 't stil. Midden op 'e wei, dat wy moesten der om hinne. It hie in hiele wide cape om, dêr koenen wol fjouwer minsken yn. En dat nei tolven yn 'e nacht en mei sok waer! Wy seinen út bangens: Goejoun, mar der woarde neat werom sein.
Wy binne mei myn suster en 'e man nei dy har hûs ta gong en pas trije ûren letter dêr wer lâns kom. Mar doe wie dy fjouwer-dûbelde persoan der net mear.
Hwat hat dat nou west? Sa't ik sei, 't spûke der by 't Blauhûs altyd.
It wie it tsjerkepaedtsje. 't Wurdt noch altyd Spûkloantsje neamd.

Onderwerp

SINSAG 0310A    SINSAG 0310A   

Beschrijving

Zestig jaar geleden kwam verteller in een donkere, stormachtige nacht een persoon tegen die midden op de weg stond. De gedaante droeg een wijde cape waar wel vier mensen in pasten. Op de groet kwam geen antwoord. Drie uur later was de gedaante verdwenen. Het spookte altijd op het kerkepad bij Blauwhuis.

Bron

Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

Sie erwidert den Gruss eines Vorübergehenden nicht

Naam Overig in Tekst

Blauhûs    Blauhûs   

Spûkloantsje    Spûkloantsje   

Spooklaantje    Spooklaantje   

Naam Locatie in Tekst

Boelensloane    Boelensloane   

Boelenslaan    Boelenslaan   

Surhústerfean    Surhústerfean   

Surhuisterveen    Surhuisterveen   

Blauwhuis    Blauwhuis   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21