Hoofdtekst
Op in kear sieten de plysjes wer achter him oan. Hja rieden yn in wein fan Ljouwert nei de Wâlden ta, hwant dêr wenne Japik Ingberts. Doe kommen se ûnderweis in hear efterop, dy't deftich klaeid wie. Dy frege of er mei ride mocht. Hy rekke yn 'e wein.
Mar ûnderweis, by de Bonkefeart sei dy mynhear dat hy der even út moest to pisjen. Dat gebeurde.
Doe naem dyselde mynhear in oanloop en sprong oer de Bonkefeart. En hy rôp de forbaesde plysjes ta: "Nou kinne jimme mar fortelle, dat Japik Ingberts mei jimme riden hat."
Onderwerp
VDK 1525Z* 19 - Japik Ingberts rijdt vermomd mee met zijn achtervolgers   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Japik Ingberts   
Jacob Engberts   
Wouden   
Bonkevaart   
Naam Locatie in Tekst
Fryslân   
Friesland   
Ljouwert   
Leeuwarden   
Wâlden   
Bonkefeart   
