Hoofdtekst
Op in kear helle in man - dat wie in petroaljesutelder - in fet mei petroalje fan 'e boat. Dat wie hjir op 'e Wâl. Mei heakken woarde sa'n fet ophelle. Dy heakken sieten der om. Doe't de man dat fet thús bringe woe, foelen de heakken der hyltyd ôf. Jehannes wie net fier ôf. De man sei tsjin him: "Dat dochstû."
Doe sei Jehannes tsjin him: "Ryd nou mar fuort."
Doe foelen de heakken der net mear ôf.
Doe sei Jehannes tsjin him: "Ryd nou mar fuort."
Doe foelen de heakken der net mear ôf.
Onderwerp
SINSAG 0750 - Andere Zauberei.   
Beschrijving
Van een vat petroleum vallen steeds de haken af. De eigenaar beschuldigt een man die kan toveren er van.
Bron
Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
Andere Zauberei
Naam Overig in Tekst
Jehannes   
Johannes   
Naam Locatie in Tekst
Wâl   
Veenwoudsterwal   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
