Hoofdtekst
Op 'e Godleas Singel is 't gebeurd dat dêr op in joune let in man lâns kom, dy hie jild ophelle. Hy hie de sek mei jild op 'e rêch, hwant papierjild hienen se froeger net.
Der wienen in pear keardels dy wachten him op, dy hienen it op syn jild forsjoen. Hja hienen him noch net sjoen, mar dy man mei jild hie hàr wòl sjoen. Der lei in skou oan 'e kant fan 't paed, dêr krûpte er gau ûnder. Dy skou wie omkeard. Doe gongen dy beide keardels op 'e omkearde skou sitten.
En dêr bipraetten se togearre hoe't se him ha soenen as er kom. Hy hearde dat allegear.
Hy hie yn 'e gaten dat, as er to foarskyn kom, dan wie er wei. Doe gongen de beiden fierder.
Hy krûpte gau ûnder 'e skou wei en makke dat er thús kom.
Dat is gebeurd oan 'e Godleas singel.

Onderwerp
VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot   
Beschrijving
Een man die 's avonds met een zak geld loopt, merkt dat een paar mannen hem willen beroven. Hij kruipt onder een omgekeerde boot, hoort ze praten, als ze weg zijn maakt hij dat hij thuis komt.
Bron
Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
De man onder de omgekeerde boot
Naam Locatie in Tekst
Godleas Singel   
Goddeloze singel   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21