Hoofdtekst
Der wie in man, dy kom by de doomny. "Dat preekjen is suver neat," sei er, "dat soe ik ek wol kinne."
"Goed," sei de doomny, "dan sille jo dat takomme snein dwaen." Se praetten ôf dat doomny soe him fordekt yn 'e preekstoel hâlde. As de man stûke soe doomny 't him foarsizze.
Dy sneins doe't de man yn 'e preekstoel stie, siet doomny ûnderyn tusken 'e man syn skonken.
Doe't de man dêr stie sei er neat. Hy koe 't bigjin blykber net fine. Doe sei doomny: "Begin nu maar."
Doe raesde de man: "Begin nu maar!"
Mar de doomny krige 't dêr hwat krap tusken 'e skonken fan 'e man, dat hy sei: "De benen wat verder van elkaar."
Doe sei dy man lûd: "De benen wat verder van elkaar!"
It folk lake him slop. Doe kaem doomny to foarskyn en de man gong út 'e preekstoel wei.

Beschrijving
Man meent dat het preken van de dominee niets is. Ze spreken af dat hij zondags zal preken, waarbij de dominee onderin de preekstoel hem zal voorzeggen. Hij zegt de dominee na dat hij kan beginnen en dat de benen wat verder van elkaar moeten.
Bron
Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21