Hoofdtekst
Froeger hiene je hjir in feanterije. Der wienen guon, dy feanten hjir. Dan leveren se turf oan 'e omlizzende plakken. En dan moesten se de sinten dêr wei helje, dy't se dêr foar barre koenen. Se bitellen yn dy tiid net mei papierjild, mar mei ryksdaelders.
Sa hie âlde Willem-om ris op in kear nei Dokkum ta west om jild foar de turf op to heljen. Hy wie op 'e weromreis. It jild hied er by him. 't Wie let op 'e joun. Hy roun de Godleas singel lâns. Doe seach er twa man oankommen. Hy tocht: dat kin wolris gjin goed folk wêze.
Froeger loeken de lju de skippen winterdei op it droege. Dy leinen dêr dan omkeard. Dat wie ek it gefal mei in boat dêr op it stuit dat er de twa mannen seach.
Willem-om kroep der gau ûnder. De twa mannen gongen op it skip sittten.
Hy hearde har praten. "Hy komt hjir net", sei de iene. Doe't se dêr in skoft sitten hienen bigoun 't har to forfelen. Doe gongen se fuort. Doe gong Willem-om gau nei hûs ta.

Onderwerp
VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot   
Beschrijving
Man loopt 's avonds met veel geld en ziet twee mannen aankomen die hij niet vertrouwd. Hij kruipt onder een omgekeerde boot, waarop de mannen gaan zitten praten en op hem wachten. Na een tijdje verwachten ze hem niet meer en gaan weg.
Bron
Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
De man onder de omgekeerde boot
Naam Overig in Tekst
Willem   
Naam Locatie in Tekst
Dokkum   
Godleas singel   
Goddeloze singel   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21