Hoofdtekst
Jehannes Meerstra koe bûksprekke.
Der waerd froeger Sûkerij opgroeven en dat gong nei 't sûkerij-fabryk ta. Se wurken der nachts en deis altyd troch.
Op in nacht wienen se oan 't kofjedrinken. Jehannes Meerstra wie der ek by. Doe sei ien fan 'e arbeiders: "Ik hie wol sin oan pikelhearrings."
Hja sieten to brea iten. Doe hearden se ynienen de pikelhearringkoopman roppen: "Matte der hjoed ek pikelhearrings wêze?" Hja gongen der hinne om guon to keapjen, mar nergens wie de pikelhearringkoopman to bikennen.
Even letter hearden se him wèr roppen, nou op in oar plak: "Matte der hjoed ek pikelhearrings wêze?"
Doe gongen se wèr op 't lûd ôf, mar gjin pikelhearringkoopman.
Doe krigen se yn 'e gaten dat Jehannes oan 't bûksprekken west hie. As er dat die, dan switte er as in baerch.

Beschrijving
Man doet buiksprekend een visventer na. Collega's hoorden de visventer op verschillende plaatsen, maar zagen hem niet.
Bron
Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Jehannes Meerstra   
Johannes   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20