Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ107617

Een sage (mondeling), (foutieve datum)

Hoofdtekst

Greate Wopke koe de minsken stean litte.
Der kommen ris twa keardels by him, dy seinen dat se foar twa sike froulju kamen. Hja hienen it wetter fan dy froulju meinom, seinen se, mar dat wie sa net. De iene hie wetter fan in rún by him, de oare wetter fan in merje. Hja woenen Wopke der tusken ha.
Wopke biseach it wetter, doe gong er nei achteren ta. Hy kom werom by de twa manlju en joech de iene in pûdtsje mei hjouwer en de oare in pûdtsje mei beanen. Dy wienen foar de beide pasjinten.
Doe gongen de beide keardels fuort. Mar doe't se skraech oan 'e barte ta wienen, bleauwen se stean. Wopke liet har dêr in skoft stean. Doe sei er tsjin 'e âld húshâldster: "Jo matte mar ris even nei har tagean en freegje of se ek nei hûs ta wolle."
Doe liet er se gean.
Ik ha Wopke wol kend. Hy wie duvelbander. Mar hy hat ek in soad minsken genezen.

Onderwerp

SINSAG 0666 - Zauberer bannt an den Ort.    SINSAG 0666 - Zauberer bannt an den Ort.   

Beschrijving

Mannen willen duivelbanner beetnemen door de urine van een ruin en een merrie te laten doorgaan voor die van zieken. De genezer geeft de één een zakje haver, de ander een zakje bonen. Als ze weggaan laat hij ze vaststaan, tot de huishoudster hen vraagt of ze naar huis willen.

Bron

Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

Zauberer bannt an den Ort

Naam Overig in Tekst

Greate Wopke    Greate Wopke   

Wopke    Wopke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21