Hoofdtekst
Wopke hat mastere mei de dochter fan de Burgumer dokter Bogaarts. Dat fanke wie siik en har heit gong oer har. Mar hy koe it fanke net better krije.
Doe sei de frou tsjin har man: ik wol ris mei it fanke út to riden. De koetsier ried de wein foar en de doktersfrou stapte mei 't sike fanke yn.
De reis wie nei Kûkherne ta, nei Wopke, mar dat mocht de dokter net wite fansels.
Wopke ûndersocht har en sei: "Ik krij dy wol better. Se hoeft net wer to kommen." Hy joech har medesinen mei.
Doe wie 't fanke op 't lêst wer soun.
Dokter Bogaarts sei: "Sjesa, dat fanke ha 'k better."
"Ja," sei de frou, "sy is better. Mar dat hastû net dien."
"Hwa dàn?" frege de dokter.
"Wopke", sei 't minske.
Doe sei er: "Dan wol ik nei Wopke ta." Alle drankjes dy't hy foar 't fanke klearmakke hie, stienen noch yn 'e kast. Hy koe 't dus sjen.
Doe sei er tsjin 'e koetsier: "Span yn , ik wol nei Wopke ta."
Hy sei tsjin Wopke: "Hwat hastû it fanke eins jown?"
"Itselde as jo", sei Wopke.
"Hoe kin dat?" sei er.
"Ja sjoch," sei Wopke, "ik ha 't plukt fóár 't opgean fan 'e sinne en jo pas doe't de sinne der al oer west hie."

Onderwerp
TM 4302 - Volksgeneeskunde   
Beschrijving
Arts kan zieke dochter niet genezen, de genezer wel. De genezer stelt dat het dezelfde medicijnen waren, die echter door hem vóór zonsopgang waren geplukt. De dokter had geplukt toen de zon er al over heen was geweest.
Bron
Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
Volksgeneeskunde
Naam Overig in Tekst
Wopke   
Burgumer   
Bergumer   
Bogaarts   
Naam Locatie in Tekst
Kûkherne   
Kuikhorne   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21