Hoofdtekst
Hjir yn Feankleaster wenne in boer, dy hie twa feinten: in lytsfeint en in greatfeint. Dy lytsfeint moest alle jounen nei de buorren ta om de krante op to heljen. Dat wie gâns in ein to rinnen.
By de boer seinen se wolris tsjin elkoar: Hoe doart dy jonge dat altyd to dwaen yn 't tsjuster. De greatfeint sei doe sa: ik woe dochs wolris witte of er ek bang kin.
Doe gong de greatfeint op in joun yn in wyt lekken achter in jirpelbult sitten, op in plak dêr't de lytsfeint lâns moest om 'e krante.
Dêr kaem de lytsfeint oan. Doe't er dy wite gedaente yn 't fisier krige, sei er: "Dat swarte, dêr ha 'k it net op bigrepen, dat wite, der jow ik neat om."
Mar doe't er dat sei, woarde de wite bang, hwant dy tocht dat de duvel by him wie, en dat wie afgezet nei de pleats ta.
De lytsfeint hie hím bang makke ynpleats fan oarsom.

Beschrijving
Knecht test andere knecht of hij 's avonds bang is door met een wit laken om ergens te gaan staan waar hij langs moet. Als de ander de witte gedaante ziet zegt hij dat hij het niet heeft begrepen op het zwarte, maar dat hij niet bang is voor het witte. De knecht met het witte laken denkt dan dat de duivel bij hem is.
Bron
Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)
Naam Locatie in Tekst
Feankleaster   
Veenklooster   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21