Hoofdtekst
Hjir dwars oer hat in plaets stien, dat wie earder in lang âld hûs, noch earder wie dat in kleaster. Ik ha de fearten der noch omhinne kend. Der is nou noch ien feart fan oer. Grachten neamden wy dat.
Ik wie in jonge fan sa'n fyftsjin jier, doe arbeide ik by de boer, dy't dêr wenne.
Yn 'e hûs wienen koestâllen. Ik tocht der wolris om: op fjouwer stâllen stienen kij, op 'e fyfte stâl stie neat.
Op in kear sei 'k tsjin 'e boer: "Hwerom ha jo dêr neat stean?"
"Dat wyt ik net", sei er. Krekt as ûntwykte hy myn fraech.
Mar in âld man, dy wie doe wol tachtich jier, âlde Doeije, dy hie my forteld, dêr siet in kiste mei jild bidobbe.
Dat sei ik tsjin 'e boer. "Dêrom ha jo dêr noait in koe stean. Hwant as dêr in koe komt to stean, wurdt er sa meger as branhout."
Ik haw it meimakke, dat se dêr in weinfol baggelders op dy stâl lege ha. Nei in skoftsje woarden dy turven allegearre skimmelich.
It frommes hie har tobbe mei linnenguod dêr wolris stean. Dan stie 't dêr mar even of alle linnen waerd skimmelich.
De boer woe net wite dat dêr in kiste mei jild yn 'e groun siet.
Ik sei tsjin him: "Alde Doeije hat it my forteld."
Der wienen in pear man, dy woenen wite hoe't dat mei dy kiste mei jild siet.
It hûs kom der ôf. Yn 'e nacht bigounen se dêr to dollen. Hja stutsen op in ding mei de lodden. Mar it sakke hyltyd. Hwat djipper sy dolden, hwat djipper dat ding sakke. Dat wie dy kiste mei jild. Ik ha 't sels meimakke.
Dat hoekje, dêr't dy fyfte stâl stie, woe letter noait hwat groeije. Je koenen it der altyd út. 't Wie keale groun, dêromhinne woechs gers.
En dat is nou nòch sa.
Hja wolle wol ha, dat ien fan 'e biwenners fan it kleaster dêr formoarde is en dat syn jild dêr yn 'e groun sit.

Onderwerp
SINSAG 0401 - Der verborgene Schatz.   
Beschrijving
Vijfde stal bij een boerderij staat leeg, want de plek is besmet. De boer wil de reden niet vertellen, maar iemand verteld dat er een kist met geld ligt begraven. Als er naar de kist gegraven gaat worden zakt die steeds verder weg. Er wordt verteld dat een bewoner van een klooster dat daar vroeger stond, daar is vermoord en dat zijn geld daar in de grond zit.
Bron
Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
Der verborgene Schatz
Naam Overig in Tekst
Doeije   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21